Blinkende blokjes
Doet wij foar de earste partij fan it seizoen de oanmerkersblokjes en tillegraafbuordjes nedich hiene, kaam ik der efter hoe moai oft se eins wurden binne. Driuwende krêft efter dizze kunstwurkjes, jo binne suver skruten om se op it wiete gers te lizzen, is Ad Joose. Mei in soad leafde foar de blokjes is hij oan de gong, se binne noch net allegearre ree, mar dan kinne se der ek wer jierren tsjin. “It wurk sit him ûnder de laklagen”, sa ferklearet Ad, dat kostet de nedige tiid, mar dat is ek wol te sjen. Yn in hoekje bij de ferwaarmingtsjettel fan de Wjukken docht hij syn sekuere wurk en krije de laklagen tiid te droegjen. Wij as feriening binnen fansels tige wiis mei sok moai wurk. We kinne op ús partijen de keatsen wer kreas oanmerke en de standen glimkjend byhâlde!
Geplaatst op 16 May 2012